Nijs fan Sizze & Dwaen
Bêste tonielfreonen,
It tonieljier is krekt as by alle ferienings en klubs frjemd ôfrûn.
De jierfergadering moast ôfsein wurde. Dochs sjogge wy mei de spilersploech en it bestjoer werom op in tonieljier mei in soad wille en gesellichhyd ûnder leiding fan Jos.
Ek de reaksjes út it publyk wienen troch de bank naam hiel posityf.
De kaskommissje hat de jierboeken goedkart, dat wy kinne fan start mei in nij tonieljier.
Wy hawwe dan ek besletten om útein te setten mei in nije produksje.
Fansels binne der in grút tal ûnsekerheden, dat begripe wy ek.
Wy hawwe alles ôfwaacht en besletten in regisseur te sykjen, in stik te kiezen en spilers derby te freechjen.
De nije regisseur, Appie Nutters út Jobbegea woe de útdaging wol oan. It bestjoer hat sjoen mei Appie nei in stik. Dat is tige goed slagge.
Sadwaande kamen wy woansdei 29 july mei de ploech by elkoar om wat better mei elkoar yn ‘e kunde te kommen. It wie in slagge jûn. Under it genot fan in bakje té as kofje, mei in hiel lekker stikje selsmakke nútetaart fan Alke hawwe spilers en regisseur elkoar wat better kennen leart.
Om healwei 10 setten de spilers op hûs oan mei it tekstboekje en húswurk.
It stik sels, dêr wol ik yn earsten noch net it measte oer kwyt. Mar ik kim jimme no al sizze, it wurdt laitsjen.
Wy wolle wer trije útfierings fersoarchje krekt as ôfrûne winterskoft. Wy komme dan út op freed 22, sneon 23 jannewaris, beide jûnen om acht oere en snein 24 jannewaris matinee om fiif oere.
It hat ús goed foldien om faker as ien kear te spyljen. Dêr komt by dat it yn dizze ûnwisse korona tiiden net ferkeard is om rekken te hâlden mei de oardel meter, dy ‘t seker noch wol in skoft hanteard wurde sil.
Wy spylje op it toniel yn ús Doarpshûs, dat romte by de rûs yn de seal foar publyk.
Wy gean los, op dit stuit is dat ek tastien. Fansels is alles ‘ijs en wederdienende’ , want wy kinne net yn de takomst sjen.
Wy freechje jimme yn elts gefal ien fan dizze datums frij te hâlden om jimme fermeitsje te litten troch in ploech spilers dy ’t der wer sin oan hat. Wy sille jimme op ‘ e hichte hâlde.Ut namme fan it bestjoer fan tonielselskip Sizze en Dwaen
Thijs van der Veen
Ponghâlder.