Nijs fan Sizze & Dwaen
Bêste toanielfreonen,
It toanieljier fan 2021 is jammerlik op ‘e non rûn. Wy hienen it sa moai foar elkoar;
in nij stik, in nije regisseur en flot, genôch spilers. Dat, wat koe der mis gean?
No ja, dat waard gau dúdlik, in twadde korona golf smiet al betiid roet yn it iten. Yn oktober moasten wy beslute dat wy it stik ôflosse moasten.
Sa ferskrikkelik spitich, mar neat oan te dwaan.
Der waar ôfpraat om it yn it seizoen derop de tried wer op te pakken mei itselde stik, deselde spilers en regisseur.
Hawar, moai betocht fansels, mar doe rekke de regisseur yn de nederklits en moast baksyl helje. Dêr gie ús moaie opset, ien-nul efter. Ek twa fan de spilers moasten ôfheakje fanwege omstannichheden; twa-nul.
Wy hawwe doe de oare spilers by elkoar helle en harren de sitewaasje foarlein. Wat wolle jimme? It keazen stik spylje en dus in oare regisseur sykje? As, …. no ja sis it mar.
No dat wie rap beslikke. De hiele spilersgroep woe wol graach de tried wer oppakke. Twa-ien.
Wy setten útein om in nije regisseur te finen, mar dat foel net ta. Alle regisseurs dy ‘t wy skillen wiene al beset foar it kommende winterskoft. Wat wolle je ek as je yn juny nochris útein sette om in oare regisseur te finen.
Hawar, doe ‘t wy de moedfearren hast hielendal sakje litten hienen, krigen wy fia in list fan it DoEk (foarhinne Staf), kontakt mei Roel Klijnstra fan de Gordyk. Hy hie him earder al ris fan dizze list mei regisseurs helje litten, mar dat wie by fersin net bard. Doe ‘t wy de sitewaasje útleinen kaam hy mei it foarstel om tegearre mei syn frou Frida it wol dwaan te wollen.
No klear, tinke jimme. Mar nee hear, sa‘t it mei regisseurs faak giet, hawwe sy harren eigen ideeën. It kaam der op del dat harren it stik net noaske. Sy dienen in útstel foar in oar stik. Demokratysk as wy binne hawwe wy de spilersgroep, dy ‘t yntusken wer kompleet wie, hjir op befrege. No gjin probleem hear, spylje bliksem!!
No is der noch ien lêste hinderniske te nimmen. It stik dat wy no opfieren gean hat ien spiler mear, dus op dit stuit binne wy drok dwaande om dat te regeljen. Wy binne fol goede moed, dat giet slagjen.
Wy wolle wer trije útfierings fersoargje yn 2022, krekt as twa winterskoften lyn.
Wy komme dan út op freed 28 en sneon 29 jannewaris, beide jûnen om acht oere en snein 30 jannewaris matinee om fiif oere.
It hat ús goed foldien om faker as ien kear te spyljen. Dêr komt by dat it noch hieltyd ûnwisse koronatiden binne en dat it dêrom net ferkeard is om rekken te hâlden mei de oardel meter.
Út namme fan it bestjoer fan toanielselskip Sizze en Dwaen
Thijs van der Veen
Ponghâlder.