Nijs fan Sizze & Dwaen
Achte Trochsetters,
Fol goede moed binne wy dwaande mei de repetysje fan de klucht dy ‘t wy yn jannewaris op de planken sette sille.
En doe kaam de parsekonferinsje op freed 26 novimber. Dat smiet foarearst roet yn it iten.
Nei yntern berie tusken bestjoer en regisseur hawwe wy beslute moaten de repetysjes foarearst oan ‘t 18 desimber ôf te sizzen. Hjirtroch reitsje wy trije repetysjejûnen kwyt.
Mei ús Doarpshûs hawwe wy dêrom fuortendaliks nije datums foar de útfiering fêstlein.
Wy sille sa ‘t it no liket de útfierings fersoargje op:
Freed 11 en sneon 12 febrewaris, beide jûnen om acht oere en snein 13 febrewaris matinee om fiif oere. Fjirtjin dagen letter dus.
Blok ien fan dizze datums fêst eefkes op de kalinder, want wy gean der noch foar hear!!
Yntusken haw ik mei ien druk op de knop it ledejild wer ynhelle, eartiids moasten wy dêrfoar by de doarren del, mar no kin it allegearre frij wat flugger. Net sa gesellich fansels as eefkes in praatsje by de doar, dat begripe wy ek wol, mar yn tiden dat eltsenien syn drokte hat en meastentiids gjin jild mear yn ‘e hûs hat, sparret it ús wol in soad tiid.
Dat bringt my mei-ien op it folgjende ûnderwerp. Wy hawwe earder al ris frege as wy jimme berjochten fan ús selskip ek fia de mail tastjoere meie. Dêr hat in diel fan ús leden op reagearre dat dit wol kin, mar ek in hiel soad leden noch net.
It soe foar ús hiel fijn wêze. Sa kinne wy jimme dan alle nijs wat wy no sels rûnbringe moatte, (faak yn de minne tiid fan it jier) ek mei in druk op de knop dwaan.
Jo moatte ús earst wol tastimming jaan, oars meie wy jo mailadres net brûke. De AVG (wet beskerming persoansgegevens) ferbiedt ús dat.
Dus graach eefkes in koart (“ja”, “akkoard”, as oars wat ynstimmends) maile nei sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com en klear is Kees (Jan Pyt en Klaas)
Sa kinne wy jimme dan ek moai de lidmaatskipskaarten takomme litte op dizze wize.
Wy wachtsje no yn spanning ôf wat de folgjende parsekonferinsje ús bringe sil. Wy bliuwe optimistysk en wurkje efter de skerms rêstich troch om alles foar in moaie jûn as middei mei in soad wille foar ús trouwe leden ta te rieden.
Wy hâlde de moed deryn. Jimme dochs ek?
As jo sin hawwe om op hokker wize dan ek ús stipje te wollen, nim dan gerêst kontakt op mei de skriuwer op mail adres sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com
Út namme fan it bestjoer fan toanielselskip Sizze en Dwaen
Thijs van der Veen
Ponghâlder.