Nijs fan Sizze & Dwaen
En doe,…..
Yn it foarwurd fan de Wispelweagen fan jannewaris skreau Jelle dat Sizze en Dwaen fan gjin ophâlden wit. Hoe wier wie dat ek.
Mar och heden, alles moai op de rit, de mienskip mear en mear iepen. Sels de kofje en tee koe wer skonken wurde. We koenen wer repeteare, wat koe der noch mis gean.
No, doe barde it dat de iene nei de oare spiler thús kaam te sitten mei koroana/karantêne en wy eltse kear mank rûnen op de repetysjejûnen.
It bestjoer hat oerlein mei de regisseurs en doe op 8 febrewaris de spilers by elkoar helle om mei elkoar de situaasje troch te praten.
Der kaam al reedlik flot nei foaren dat troch alle ûnderbrekkingen eltse kear, de motivaasje by de spilers behoarlik sakke wie.
Ek moasten wy konkludeare dat de tiid dy ‘t ús noch rêste oant de útfiering net foldwaande wêze soe om it stik goed foar it deiljocht bringe te kinnen.
Wy hawwe dus dy jûns, mei pine yn it hert, besletten dat wy ek dizze winter gjin stik op de planken bringe sille.
Wy binne de jûns út elkoar gien mei it foarnimmen it stik fuort nei de simmer wer op te pakken en dan heal novimber de útfiering te hâlden.
Definitive datums hawwe wy noch net fêstlein, dy moatte wy noch fêstlizze. Mar wy witte fan gjin ophâlden.
Ut namme fan it bestjoer fan toanielselskip Sizze en Dwaen
Thijs van der Veen
Ponghâlder.