Ferslach Algemiene ledengearkomst Sizze & Dwaen 2022
datum: Tiisdei 19 april 2022
Bestjoer: Thijs van der Veen, (Jeannette Ensing ôfwêzich mei kundskip) en Alke Burgerjon.
- Iepening fan de gearkomst om 19.15 oere.
Der wurdt opmurken dat it net dúdlik is wêr ‘t de foarsittershammer bedarre is. Thijs docht in koart ferslach dan de ôfrûne jierren yn de korona tiid wêryn der gjin jiergearkomsten plak fûn hawwe. Al dizze saken binne foar it grutste part werom te lêzen yn de stikken fan Sizze en Dwaen op Terwispel.info.
- Jierferslach 2021/2022
Nei it ynlaske lêsskoft hawwe de oanwêzigen it jierferslach goedkard, neidat it eltsenien dúdlik waard dat ek de efterside fan it skriuwen lêzen wurde moast.
- Finansjeel jierferslach 2021/2022
De oanwêzigen hawwe it ferslach besjoen. Douwe Knol (ek út namme fan Jikke Pietersma) dielt mei dat de kaskommisje it ferslach goedkard hat.
- De kaskommisje:
Douwe Knol syn kommisje sit der ynearsten op.
Jikke Pietersma bliuwt noch in jier oan.
Pieter de Jong wurdt it nije kaskommisje lid.
Grietje de Wal komt op reserve en sa is alles wer kompleet.
- Bestjoersferkiezing:
Der hawwe har gjin tsjin- as oanfallende bestjoerskandidaten oanmeld.
Neffens it nij opstelde roaster: Jeannette Ensing -Westra wurdt troch de oanwêzigen op ‘e nij keazen.
- Rûnfraach
Liesbeth Scheper soe graach oars as troch de Wispelweagen op ‘e hichte holden wurde oer it nijs fan Sizze en Dwaen. Sij lêst de Wispelweagen net.
Alke sil besykje om har op in oare wize op ‘e hichte te hâlden.
Thijs ferwiist nei de webside fan it Doarp. Dêr wurde de stikken ek op publisearre.
De gearkomst wurdt om 19.35 oere sletten.
Thijs hâldt in koart ferhaaltsje oer de skiednis fan it selskip en leit dêrmei de ferbining nei it ferfolch fan de jûn; in lytse reüny, organisearre foar alle meiwurkers oan it iepenloftspul fan tweintich jier lyn, dat opfierd is ta eare fan it hûndertjierrige bestean fan it selskip.
Spitich genôch wienen Gelbrigje en Sikke Visser, de betinkers fan dit weromsjen mei elkoar, beide ferhindere.
Alke Burgerjon
Skriuwer.