Nijs fan Sizze en Dwaen Terwispel Geplaatst op 1 januari 2020 door Yme Jan Van der Draai29 augustus 2020 Op freed 24 en sneon 25 jannewaris om 20.00 oere en sneintemiddei 26 jannewaris om 17.00 oere hat Sizze en Dwaen foar jo spile “Kemping De Veenkolder”.Wy wienen fol ferwachting en de ferwachtingen binne seker útkaam.De seal siet beide jûnen mear as fol en ek op snein foar trijekoart. Bêst genôch dus. De spilers namen jo in dei mei yn harren ferdivedaasjes op de ‘berne frije’ kemping. ‘Hearlik eefkes rêst’,….. No dat foel tsjin.Mar doe’t in lyts mantsje hast troch wolven opfretten wurde soe, hiene wol alle kempinggasten noed oer syn lot.It wie in feest fan herkenning mei in soad saken dy’t de revue passearden, sa as: in line spanne (“dit is myn plak”); mei elkoar kofje drinke; lûdsoerlêst en tal fan aktuele saken as de mûzen dy’t it lân kealfrette en hûndert ride op de sneldyk.Sa as hast elts jier is der fansels minstens ien kear swier waar as jo op de kemping steane. It tongere, reinde en waaide omraak. Sa bot sels dat ien gast ferdwaalde en yn de tinte fan it lesbyske stel telâne kaam.No ja, ein goed, al goed. De kemping moat fuort, mar der komme moaie betelbere wenningen foar yn ’t plak en dat kin Terwispel wol brûke fansels.Wy hawwe trije skitterjende foarstellingen belibbe en mei wat ik sa hjir en dêr opfongen haw, it publyk seker ek.En,… tinke jo nei dizze foarstelling, dat liket mei ek wol wat, toanielspylje. Nim dan kontakt mei ús op. Op nei takom jier!! En net ûnbelangryk; der waard op dizze dagen ek hearlik neisitten by Sije en it oare persoaniel fan ‘Ús Doarpshûs’.Ik neam net ien yn it bysûnder, mar alle minsken dy’t harren frije tiid opoffere hawwe: tige, tige tank. Sûnder frijwilligers soe it net moochlik wêze om in stik op de planken te bringen.Wy hâlde op woansdei 1 april (nee, gjin grapke) de jierfergadering yn de jeu de boules seal.De útnoeging hjir foar stie al yn it programmaboekje en komt noch yn de Wispelweagen. Mar set it alfêst yn jo bûsboekje. Wy rekkenje ek dan op in moaie opkomst.Kontakt mei ús opnimme kin troch in mailtsje te stjoeren nei sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.comAs op tillefoannûmer 06-44430603 fan Alke Burgerjon, ús skriuwer. Út namme fan it bestjoer,Thijs van der Veen, ponghâlder.