Nijs fan Sizze & Dwaen
Bêste leafhawwers,
Wy wienen sa moai útein set mei in nije produksje. Dêr hie ik jimme de foarige kear al melding fan makke.
Eltsenien hie der mar wakker sin oan, spilers, regisseur en bestjoer. En dan giet it ynienen hurd de ferkearde kant op mei de korona besmettings yn ús lân.
Dat wurdt sa slim, dat wy ús beriede moatte op it eardere beslút om te begjinnen mei in nije produksje.
It doek falt, wy kinne net oars. Mei in soad hertsear hawwe wy moandei 5 oktober 2020 as bestjoer, yn oerlis mei de regisseur en spilers, it beslút naam om net langer fierder te gean foar dit winterskoft.
Wol hawwe wy sein dat wy dit yn it takommend jier wer op‘e nij besykje wolle mei itselde stik en deselde spilers en regisseur.
Wy hawwe yn de oanrin wol al kosten makke, mar fansels net safolle as wannear ’t wy spile hienen. Dêrom hawwe wy besluten om dit jier de kontribúsje troch de helt te dwaan.
De automatyske ynkasso sil der op oanpast wurde.
Ik hie graach oar nijs brocht, mar it is wat it is.
Wy sitte net stil en sille jimme op‘e hichte hâlde.
Út namme fan it bestjoer fan toanielselskip Sizze en Dwaen
Thijs van der Veen
Ponghâlder.