Nijs fan Sizze & Dwaen
Bêste teäterleafhawwer,
Begjin septimber binne wy útein set mei it nije stik. Earst in kear as wat lêze en doe los op ‘toaniel’.
Dat gie yn earsten wat mei hindernissen; in lêste spiler der by, in nije spiler, wat fakânsje fierders, mar no rint alles as in trein. Ja sels ús skriuwer praat sa no en dan ek al in moai poepke Frysk.
Earst gie it wat skrutel, mar stadichoan binne de spilers los en geane de toanielboeken ticht.
De beide regisseurs Roel en Frida witte mei har beiden de spilers op in noflike wize te begelieden yn harren spyljen en it eigen meitsjen fan de persoan dy ‘t se ferbyldzje.
Der is in soad wille op de repetysjejûnen, der wurdt hiel wat ôflake.
Ûnderwilens bart der efter de skerms ek it noadige. Der wurdt omraak attributen garre.
Wat is dan sa’n app dochs in moai medium.
Der is in ploechje minsken oer de oanklaaiïng fan it toaniel gear en inkele handige Harry‘s binne frege om wêr nedich saken te meitsjen. Wy lizze moai op skema.
Wy sykje noch al in kast foar yn in (biste)dokters praktyk. It boppeste diel moat mei glês yn de doarren wêze, sadat potten en oare attributen te sjen binne.
Tinke jo, miskien haw ik wol wat dat him dêr foar lient; lit it ús witte op de mail, app as tillefoan.
Wy geane wer trije útfierings fersoargjen.
Op freed 28 en sneon 29 jannewaris, beide jûnen om acht oere en snein 30 jannewaris matinee om fiif oere.
It hat ús goed foldien om faker as ien kear te spyljen. Dêr komt by dat it noch hieltyd ûnwisse koroanatiden binne en dat it dêrom net ferkeard is om rekken te hâlden mei de oardel meter.
It stik stiet boarch foar in moaie jûn mei in soad gegniffel en gegniis. Dus net stinne, mar hinne!
No noch eefkes wat oars:
Wy soene op sneon 25 septimber 2021 meidwaan oan de sutelaksje fan it Fryske boek. It is spitigernôch net slagge om genôch sutelders te finen.
Wy sille no op in oare wize sjen moatte de tekoarten wat te beheinen.
As jo sin hawwe om op hokker wize dan ek ús stypje te wollen, nim dan gerêst kontakt op mei de skriuwer op mailadres sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com
Út namme fan it bestjoer fan toanielselskip Sizze en Dwaen
Thijs van der Veen
Ponghâlder.