Nijs fan Sizze & Dwaen
Oan ús trouwe publyk,
‘Fol goede moed binne wy dwaande mei de repetysje fan de klucht dy ‘t wy yn jannewaris op de planken sette sille.
En doe kaam de parsekonferinsje op freed 26 novimber. Dat smiet foarearst ‘roet yn it iten’, skreau ik yn it desimbernûmer.
Mar al foardat de Wispelweagen ‘yn ‘e loft’ kaam wie dat al wer efterhelle. Wy hawwe fansels wer oerlein mei elkoar en besletten noch ien kear in nij wykein fêst te lizzen.
De útfieringen sille no plak fine op freed 11 en sneon 12 meart, beide jûnen om acht oere.
En snein 13 meart matinee om fiif oere. Fantastysk dat eltsenien yn de ploech wer sa fleksibel wêze koe.
Dus set ien fan dizze datums op ‘e nij eefkes fêst op de kalinder, want wy geane der noch hieltyd foar, hear!!
Fierder;
Noch ienkear freegje ik jimme as wy jimme berjochten fan ús selskip ek fia de mail tastjoere meie. Miskien is it jimme ûntsketten nei it lêzen fan dit berjocht, mar it soe foar ús hiel fijn wêze. Dan kinne wy jimme alle nijs, wat wy no sels rûnbringe moatte, (faak yn de minne tiid fan it jier), ek mei in druk op de knop dwaan.
Jo moatte ús wol eefkes tastimming jaan, oars meie wy jo mailadres net brûke. De AVG (wet beskerming persoansgegevens) ferbiedt ús dat.
Dus graach eefkes in koart (ja, akkoard, as oars wat ynstimmends) maile nei: sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com Tige, tige tank foar de muoite.
Wy wachtsje no yn spanning ôf, op wat de folgjende parsekonferinsje ús bringe sil. Wy bliuwe optimistysk en wurkje efter de skerms rêstich troch om alles foar in moaie jûn as middei mei in soad wille foar ús trouwe leden ta te rieden.
De attributen foar op it toaniel binne ree makke, dus neat, útsein de wite reek út De Haach, stiet ús mear yn’e wei. Wy hâlde de moed der yn. Jimme dochs ek?
As jo sin hawwe om ús op hokker wize dan ek stypje te wollen, nim dan gerêst kontakt op mei de skriuwer op mail adres sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com
Út namme fan it bestjoer fan toanielselskip Sizze en Dwaen
Thijs van der Veen
Ponghâlder.