
Terwispel hat in toanielselskip mei de namme ’ Sizze en Dwaen’.
De feriening bestiet al hast hûndert fiifentweintich jier. It selskip is oprjochte yn 1902.
Oer de histoarje ferwize wy jo graach nei de tab “Histoarje” op dizze side.
Sels hat ús selskip ek in webside: www.sizzedwaen.frl
Foar alle aktuele ynfo ferwize wy graach nei dit webadres.
Ek op Facebook binne wy aktyf, kopïearje de link of typ yn:
https://www.facebook.com/profile.php?id=61565597627653
Sizze en Dwaen bringt elts jier in stik foar it fuotljocht. De iene kear grut en in oare kear wat beskiedener.
It bestjoer bestiet út fjouwer minsken, mar dêr nêst binne der noch in soad minsken dy ’t help biede om de útfiering ta in súkses te meitsjen.
Om finansjeel sûn te bliuwen hawwe wy stipers nedich. Mar boppe al kinne wy altyd minsken brûke dy’t spylje wolle. Want sûnder akteurs, gjin foarstelling!
Hawwe jo niget om ris mei te dwaan? Nim dan gerêst kontakt op om mei te spyljen by ús selskip yn in gemoedlike sfear.
Lid wurde om ús feriening te stypjen en fergees nei de útfiering te kinnen is fansels hielendal in boppeslach. Foar mear ynformaasje kinne jo telâne op it mailadres: sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com
Wy ynformeare jo graach.
It Bestjoer.